Songteksten
Dwars troch (waar en wyn)
Dwars troch, waar en wyn,
fyts ik mei myn dronken bealch tsjin 'e stoarm yn.
Ja dwars troch, waar en wyn,
't reinwetter klettert mei bakfol út 'e loft.
Stampend op myn trapers, krûm oer 't stjoer,
pal tsjin 'e wyn yn it is een hiele toer.
In auto feegt foarby troch in wetter plasse,
de hiele rotsoai spat my oer myn nije jas.
De hiele brot sa'n sompe, de hiele rotsoai wiet
Ik fyts troch al 't wetter yn 'e stikeltried
kriich blabber yn 'e eagen, it giet wer need
en der skuort in grouwe skram oer myn dikke reet
Ik wol wer nei hûs, ik wol wer nei mem
mar myn achterfelling dy sit ferrekte klem
nei goed wat skoppen en flink wat gebeuk
fyts ik pynlik fierder yn in wolkbreuk
PIEREWAAYER
bravenet.com